PvdA en FNP wolle swimbad yn Boalsert behâlde | Omrop Fryslân (omropfryslan.nl)

PvdA en FNP wolle swimbad yn Boalsert behâlde | Omrop Fryslân (omropfryslan.nl)

22 sep 2020 – 17:44 NederlandsLês foar

De FNP en de PvdA yn de gemeente Súdwest-Fryslân wolle tsjinhâlde dat it swimbad yn Boalsert ticht moat. De partijen tsjinje dêrom tongersdei yn de riedsgearkomste in amendemint yn foar it behâld fan it bad. Se roppe politike partijen op dit te stypjen.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Beide partijen tinke dat it takomstplan fan de stifting Ons Zwembad kâns fan slagjen hat. Hjiryn wurdt dúdlik makke dat Boalsert tegearre mei gemeente en mei stipe fan it bedriuwslibben en ynwenners in takomst hat.

PvdA: wy leauwe yn it plan

“De voorziening in Bolsward moet blijven omdat het ook de tweede stad van onze gemeente is. Daarnaast is een plan gepresenteerd waarin wij geloven. Met steun van de gemeente, bedrijven, inwoners en vrijwilligers is het mogelijk de toekomst van het zwembad goed neer te zetten, seit Marianne Poelman fan de PvdA.

Dochs liket der in riedsfoarstel te lizzen om de subsydzje yn te lûken. Mar dat kloppet neffens Poelman net hielendal. “In het voorstel wordt aangegeven dat we zouden hebben aangegeven te bezuinigen, maar dat is incorrect. De programmabegroting voor dit jaar is vastgesteld, maar de meerjarenbegroting nog niet. Dat is wat technisch, maar de bezuiniging is nog niet ingeboekt. Daar willen we het over hebben.”

It tal besikers leit wol leger as by oare swimbaden. “Het onderzoek geeft aan dat het aantal recreatieve bezoekers wat lager is, maar dat is ook logisch. Er was jaren lang geen goed onderhoud, het dak lekt, er zit ook geen glijbaan in. Maar het zwembad wordt wel heel veel gebruikt voor zwemlessen en zo zijn er meer doelgroepen die nog wel goed gaan, zoals de ouderen.”

Ek koälysje wurket oan rêdingsplan

De kâns dat it swimbad ticht moat liket hoe dan ek lyts om’t ek de koälysjepartijen tongersdei mei plannen komme om it swimbad iepen te hâlden.

Marianne Poelman fan de PvdA

   geselecteerd als afspeelkwaliteit00:00 | 03:15BESJOCH EK

Tal Boalserters yn aksje foar swimbad Vitaloo