Nieuws

Tal Boalserters yn aksje foar swimbad Vitaloo

Bron: Omrop Fryslân

Breeuwsma leit út wat har bân mei it swimbad is: “Ik bin hast 40 jier no. Ik bin begûn as famke fan 4 jier, doe haw ik myn swimdiploma’s hjir helle. Dêrnei al frij gau oan it wedstriidswimmen, dêrfoar bist der ek al gau trije-fjouwer kear yn de wike. En no bin ik sels mem fan twa jonges. De âldste is hjir ek trije kear yn de wike foar wedstriidsimmen. Op sneon binne se tige aktyf mei de swimklup. En de jongste is krekt begûn mei lesswimme.”

Neffens har kin Boalsert net sûnder it bad, net allinne fanwegen de tradysje. “Ast sjochtst hoefolle minsken hjir komme en wat it sosjaal een maatskiplik foar ús betsjut. It soe skande wêze as it slute moat. Boalsert wol it swimbad graach behâlde. Der binne in soad inisjativen, genôch frijwilligers. Ek de swimklup is yn oarder, der is sels in wachtlist.”
‘Fuort is fuort’

Sy skrok ek bot fan it berjocht. “Ik seach ek in berjocht op Facebook en ik tocht: wat bart hjir? Wêrom? Fuort is fuort, dat komt nea werom. Dus ik wol de ynwenners ek oproppe om yn aksje te kommen. Wy hâlde it posityf, mar wy wolle ús der sterk foar meitsje. Wy hawwe in petysje opset.”

Tineke Breeuwsma yn Boalsert